De Royal Australian Air Force (RAAF), dy 't sûnt 1984 de F/A-18 A as har wichtichste gefjochtsfleantúch brûkt hat, bestelde de F/A-18 F yn 2007 om har ferâlderjende General Dynamics F-111 C float te ferfangen. De Super Hornets fan de RAAF kamen yn desimber 2010 yn tsjinst. Yn febrewaris 2023 makke Boeing plannen buorkundich om de produksje fan de Super Hornet yn 2025 te beëinigjen.
Untwerp
De luchtynlaten fan de Super Hornet binne rjochthoekich, dy fan de Hornet binne ovaal
De Super Hornet liket in soad op de Hornet. De Rhino is lykwols is stik grutter en langer en kin mear wapens en branje meinimme. De motoren binne 35% sterker en kinne it tastel mei swierdere lading yn e loft hâlde en werom bringe nei it fleandekskip (bringback capacity). As YF-17 wie de Hornet ûngefear like swier as de Northrop F-5 wylst de Super Hornet sels swierder is as de F-15 Eagle. De Super Hornet hat lykwols in koartere radarecho.
Spesifikaasjes
De F/A-18C/D Hornet en F/A-18E/F Super Hornet ferlike