Elim
Elim is in kolonistedoarp yn de gemeente Hoogeveen súdeastlik fan Hoogeveen en Hollânskefjild. It is kearn fan in grut gebiet mei ferspriede bewenning oan in rjochthoekich strjittepatroan. It doarp hat 2481 ynwenners en 886 wenningen (2011). SkiednisElim wurdt foar it earst neamd yn 1915. De namme is ûntliend oan it Alde Testamint. It is de oaze dêr't de Israeliten taholden nei harren tocht troch de Reade See. Yn it earstoan hjitte de koloanje Dwersgat, dêrnei Hollandsche Veld Zuidoost. De nammeferoaring hat te krijen mei de stichting fan in Herfoarme gemeente yn 1915. Elim en omkriten is it risseltaat fan in lange ûntginningsoperaasje troch ûnder oare de Bentinck Kompanjy, de Hollânske Kompanjy en de Ritmaster's Kompanjy oan de ein fan de 18e iuw. Op de Frânske kaart (1811-13) steane harren besittings oanjûn. Atlassen út 1851-1900 tsjutte it hiele feangebiet besúdeasten Hoogeveen oant de grins mei Oerisel oan as (It) Hollânske Fjild. NijsgjirrichDe skelnamme foar de ynwenners is: Elimiten. SportDe pleatslike fuotbalklub is SC Elim, de kuorbalklub hjit KV Elko. Keppeling om utens
|
Portal di Ensiklopedia Dunia