Biskop![]() In biskop (Gryksk: επισκοπος episkopos, letterlik "opsichter") is in geastlike mei folsleine prysterwijingsmacht yn de hiërarchy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, Anglikaanske Tsjerke of de Luterske Tsjerke dy't ornaris oan it haad stiet fan in bisdom. In tal bisdommen tegearre foarmje in tsjerkeprovinsje, dêr't in aartsbiskop oan it haad stiet.
Willibrord is yn 695 troch de paus oansteld en wijd as biskop oer de Friezen. Hy hat lykwols kwealik yn Westerlauwersk Fryslân west (sjoch Fositelân) en syn opfolgers likemin. De biskop hie meast tuskenpersoanen: tafallige, (bygelyks Odulf en letter fêste, benammen aartsdiakens.
Hy skonk de measte biskoplike tsjerken oan kleasters. De biskop krijt wrâldske bestjoersmacht as greve yn Drinte en Stellingwerf (1046); troch de hâlding fan Egbert II yn Starum (1077); Eastergoa en Westergoa (1138, tydlik al 1086 en 1088). De biskop fan Münster hie net folle ynfloed; Fryslân bringt ek net folle op. De reizen fan Bonifatius nei Fryslân ta wienen yn 753 en 754 , Frederik wurket yn Fryslân om 830 hinne. Koenraad fan Swaben wijt de abdijtsjerke fan Foswert. Doe't de oanspraken fan Hollân ta in kondominium laten en biskop Boudewyn fan Hollân syn rjochten jilde litte woe is hy twa kear ferslein. Dietrich von der Ahr wie yn Starum yn 1203 en krige wat gesach nei in konflikt mei Willem I. Dochs holpen de Friezen 1230-1233 de opstannige Drinten. Biskop Friedrich van Blankenheim trede dêrby krêftich op. |
Portal di Ensiklopedia Dunia