1928 is in skrikkeljier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1928.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
- 11-19 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Sankt Moritz, yn Switserlân.
- 20 febrewaris - Op 'e 6e Panamerikaanske Konferinsje yn 'e Kubaanske haadstêd Havana wurdt in resolúsje yntsjinne dy't stelt dat gjin inkele steat it rjocht hat om him te bemuoien mei de binnenlânske oangelegenheden fan in oar lân. Dêrmei wurdt ferwiisd nei de ynfallen fan 'e Feriene Steaten yn Haïty, de Dominikaanske Republyk en Nikaragûa. Hoewol't de resolúsje oanholden wurdt oant de folgjende Panamerikaanske konferinsje, foarmet allinnich al it feit dat er yntsjinne is in gefoelige diplomatike nederlaach foar de Feriene Steaten.
- 12 maart - Britsk-Malta kriget de status fan dominion binnen it Britske Ryk.
- 25 maart - By presidintsferkiezings yn Portegal wurdt generaal Antonio de Fragoso Carmona keazen, dy't al fan 1926 ôf oan 'e macht is. Hy wie de iennichste kandidaat.
- 27 april - Yn it nije regear fan Portegal kriget Antonio de Oliveira Salazar wiidfiemjend foech as minister fan Finânsjes.
- 20 maaie - By Ryksdeiferkiezings behellet de sosjalistyske partij SPD yn Dútslân in oerwinning.
- 22 maaie - De Noardpoaltocht fan Umberto Nobile yn in loftskip einiget mei in crash op it poaliis.
- 25 maaie - De Amerikaanske piloate Amelia Earhart fljocht as earste frou oer de Atlantyske Oseaan.
- july - Op it 6e Wrâldkongres fan 'e Komintern swart de kommunistyske beweging alle gearwurking mei de sosjalisten ôf.
- 2 july - Yn it Feriene Keninkryk, dêr't sûnt 1918 kiesrjocht bestiet foar froulju âlder as tritich jier, wurdt no it algemien frouljuskiesrjocht ynfierd.
- 19 july - By in steatsgreep yn Egypte ûntbynt kening Fûad I it parlemint en lûkt alle macht nei himsels ta.
- 28 july-12 augustus] - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Amsterdam.
- 27 augustus - Yn Parys ûndertekenje 15 lannen it Briand-Kellogg-pakt, dat opsteld is troch de Frânske minister fan Bûtenlânske Saken Aristide Briand en syn Amerikaanske amtgenoat Frank B. Kellogg. Dêryn wurdt ferklearre dat oarloch ûnwettich is.
- septimber - By tafal ûntdekt de Skotske bakteriolooch Alexander Fleming penisilline, in skimmel dy't baktearjes deadet.
- 1 septimber - It Albaneesk Keninkryk wurdt útroppen, mei presidint Ahmed Zogu as kening Zog I.
- 18 septimber - Earste flecht fan it loftskip de Graf Zeppelin.
- 6 oktober - Chiang Kai-shek wurdt útroppen ta presidint fan 'e Republyk Sina. Syn foech is sa wiidfiemjend dat er eins as diktator sjoen wurde moat.
- 7 oktober - Ras Tafari Makonnen (better bekend ûnder syn lettere namme Haile Selassi) wurdt kroane as negus fan Abessynje.
- 20 oktober - Yn Dútslân wurdt de ekstreem-rjochtse krantemagnaat Alfred Hugenberg keazen as nije foarsitter fan 'e nasjonalistyske politike partij DNVP.
- 26 novimber - By in swiere stoarm brekt yn Súd-Hollân de seedyk troch en strûpt de Hoekske Waard derûnder.
- desimber - Op ynstigaasje fan foaroanman Jawaharlal Nehru easket it Yndysk Nasjonaal Kongres fan 'e Britske koloniale oerheid dat Britsk-Ynje binnen in jier de status fan dominion binnen it Britske Ryk krije sil.
- 5 desimber - Yn 'e Gran Chaco, in ûnherberchsum mar ierdoaljeryk grinsgebiet fan Bolivia en Paraguay, fine skermutselings plak tusken soldaten fan 'e beide lannen.
- sûnder datum - Hendrik Bulthuis bout de earste Burgumer Mar-sylboat.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- 4 - Lieuwe Pietersen, Frysk skriuwer, learaar en sosjolooch († 2015)
- 7 - Flory Anstadt, Nederlânsk programmamakster en regisseuse († 2024)
- 8 - Hannes Flesner, Eastfrysk sjonger en lietsjeskriuwer († 1984)
- 11 - Martinus Antonius Veltman, Nederlânsk dichter en tekstskriuwer († 1995)
- 11 - Jan Dijkstra, Frysk metaalwurker († 2005)
- 16 - Friedrich Wilhelm Schnitzler, Dútsk politikus († 2011)
- 18 - Ger Verrips, Nederlânsk skriuwer († 2015)
- 25 - Aad de Koning, Nederlânsk reedrider († 2010)
- 29 - Swaantsje Monderman, Frysk dichteresse († 2007)
- 30 - Henri Debehogne, Belgysk astronoom († 2007)
- 30 - Piet de Boer, Frysk hynsteman († 2008)
Ferstoarn
- datum ûnbekend
Literatuer
- romans
- poëzij
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
Wikimedia Commons
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1928 fan Wikimedia Commons.
|
|
Information related to 1928 |